Homoseksualiteit noch hieltyd taboe foar measte Fryske jongeren

06 feb 2019 – 22:45 Nederlands

Lês foar

Foar de measte jongeren yn Fryslân is homoseksualiteit noch hieltyd in taboe. Sa fine benammen jonges tusken de 12 en 16 jier it dreech om iepen oer dit ûnderwerp te praten. Homoseksualiteit soe yn prinsipe akseptearre wurde moatte, mar mei benammen net te tichteby yn de eigen rûnte komme, sa is it oardiel. Boppedat bestean by jongeren op it plattelân noch in soad foaroardielen dy’t somtiden ta diskriminaasje liede kinne. Famkes stean oer it generaal mear iepen foar akseptaasje fan leeftiidsgenoaten dy’t op persoanen fan itselde geslacht falle.

<div class=”player-unavailable”><h1 class=”message”>Er is een fout opgetredentarget=”_blank”>Bekijk deze video op www.youtube.com</a> of schakel JavaScript in als dit is uitgeschakeld in je browser.</div></div>

IepenUp Live presintearre woansdeitejûn foar de earste kear foar in breed publyk de Fryske Homonologen. Oant no ta hat dizze rige foarstellingen oer de seksuele identiteit en diversiteit fan jongeren allinnich noch yn besletten rûnte op de skoallen te besjen west. De akteurs en aktrises wisten yn IepenUP Live mei harren spul in soad los te meitsjen by it publyk .

Ynkringend wie ek it relaas fan Frysk CDA-steatelid Teus Dorrepaal. Hy hat in boek skreaun oer syn eigen homoseksuele aard, mei as titel ‘Praat er maar niet over’. Dorrepaal fertelde oer de swierrichheden dy’t hy yn syn jonge jierren oerwûn hat doe’t er as homo út de kast kaam. Mar boppe-al oer de pine dy’t hy hjoed-de-dei as kristen ûnderfynt, no’t petysjes him de tagong ta de tsjerke hast ûnmooglik meitsje.

Bron: OmropFryslan.nl; foto: IepenUp-OF-programma