By de gemeentehuzen yn Frjentsjer en Ljouwert wurdt kommende freed de reinbôgeflagge hise. Dat dogge beide gemeenten op de Nasjonale Coming Out Day en foar Waadhoeke is it ek de opmaat nei de definitive titel fan reinbôgegemeente. Ljouwert is al in reinbôgegemeente.

 

In reinbôgegemeente set him aktyf yn foar lokaal LHBTI-belied. De gemeente Waadhoeke wol fan oktober 2020 ôf reinbôgegemeente wêze, troch in aktyf en previntyf antydiskriminaasjeprogramma op te stellen yn gearwurking mei Tûmba en it COC. Coming Out Day is alle jierren op 11 oktober. Dan wurdt der omtinken jûn oan it momint dat in homo, lesbienne, biseksueel of transgender iepenlik foar syn of har seksuele foarkar of genderidentiteit útkomt.

 

Rôze Sneon 2020

Alle jierren wurdt ein juny Rôze Sneon holden, de Nederlânske ‘gay-pride’. Dit lanlike evenemint komt yn 2020 nei Ljouwert.
Bron: https://www.omropfryslan.nl/nijs/912511-waadhoeke-wol-reinbogegemeente-wurde?fbclid=IwAR3b1Xlg4ugL1ISsSIQuB6NnBPKBAwxN6vR_9w5FiOuBFO_CKl137I-LyCE